Pikefel en triennen troch konfrontearjend teäterstik

25 sep 2018 - 19:59

De foarstelling 'Aan de Andere Kant', dy't foarige wike yn premjêre gien is yn de Molukske tsjerke yn Appingedam, ropt in soad emoasjes op, ek by Fryske Molukkers. It stik, mei akteurs Nynke Heeg en Roger Goudsmit yn de haadrol, giet oer de komst fan de Molukkers nei Nederlân yn de jierren fyftich.

Sa'n 13.000 Molukkers moasten nei de Twadde Wrâldoarloch nei Nederlân ta, om't se dêr net langer feilich wienen. As militêren fan it Koninklijk Nederlands Indisch Leger (KNIL) hienen se fochten tsjin de eigen befolking. Ek de famyljes fan Paulona da Lima en Jacob Matahelumual makken yn 1951 de reis nei Nederlân. Sels groeiden se op yn de barakken fan Kamp Nuis yn Grinslân, dat yn de Twadde Wrâldoarloch noch brûkt waard as wurkkamp. Begjin jierren sechstich kamen de famyljes neistinoar yn Drachten te wenjen.

Palona da Lima en Jacob Matahelumual - Foto: Omrop Fryslân

Teloarstelling en fertriet

"As bern hawwe wy dêr yn kamp Nuis in hiel moaie tiid hân. Wy koenen der lekker boartsje en fuotbalje", fertelt Matahelumual. Foar syn âlden wie it lykwols in hiele oare tiid. Se mochten yn Nederlân earst net wurkje en it libben yn it kamp stie bûten de rest fan de mienskip. Krekt foar't de KNIL-militêren nei Nederlân kamen, waard harren boppedat meidield dat se net langer soldaat wienen en it waard ferbean om it KNIL-uniform oan te hawwen.

Al waard dêr by de famyljes Da Lima en Matahelumual net oer praat, dochs hawwe se it fertriet as bern wol field. "Us âlden wienen bot teloarsteld, mar fierder praten se der net oer", seit Matahelumual. "Guon militêren hienen in printsje fan Jezus oan de muorre te hingjen en in foto fan keningin Wilhelmina dêrneist." Hy hat de triennen yn de eagen. "En dat fyn ik sa skande foar dy minsken."

Jacob Matahelumual en Palona da Lima - Foto: Omrop Fryslân

Koffer by de doar

De Molukkers hienen in soad respekt foar de Nederlânske kroan, mar ienkear oankaam yn Nederlân, koe it regear de tasizzings oan de Molukkers net wiermeitsje. "Guon Molukkers hienen de koffer neist de doar te stean. Der waard sein dat se nei seis moannen wol werom koenen en dat se wer feilich wenje koenen op de Molukken, mar dat barde net."

De koffer, as symboal foar de reis werom nei Ambon - Foto: Omrop Fryslân

Net ferwurke emoasjes

De Fryske aktrise Nynke Heeg, dy't sels Yndyske woartels hat, fynt it belangryk dat mei dit stik omtinken jûn wurdt oan it ferhaal fan de Molukske mienskip. "Us mem is sels mei myn oma ek mei in boat nei Nederlân kaam. Dy skiednis is fansels net hielendal itselde as dy fan de Molukkers, mar ik fiel wol in soad herkenning, dat is ek in stikje dat by je heart. Je drage dy skiednis ek by je, dat sit earne yn je genen."

Rogier Goudsmit en Nynke Heeg spylje in Moluks echtpear - Foto: Omrop Fryslân

Dêr praten de minsken net oer. By ús thús ek net.

Nynke Heeg

De foarstelling, dêr't ek in soad Maleisk yn praat wurdt, lit net allinnich fertriet, ûnwennigens en wrok sjen. Der is ek romte om te laitsjen en it publyk sjongt mei de moaie muzyk mei. De foarstelling rekket. Heeg tinkt dat dat komt om't de Molukske mienskip net in soad oer de eigen skiednis praat. "Der is safolle net ferteld. Der is net oer praat. By ús thús waard der eins ek net oer praat. Dat is mei de Molukske mienskip ek sa. Der waard net praat, mar de tredde generaasje hat wol fragen. En der binne in protte net ferwurke emoasjes."

Oanpasse

Nettsjinsteande it fertriet en de langstme nei it heitelân, pakten de measte Molukkers de tried wer op yn Nederlân. "Ek ús âlden praten net oer dy tiid", seit Da Lima. "Mar se hawwe altyd sein: al binne ús ferwachtings net útkaam, we moatte der hjir no mar it bêste fan meitsje. Us oanpasse, de taal leare en ús bêst dwaan." Sa stiet Matahelumual der ek yn. "It fertriet fan je âlden drage je by je. Je moatte de skiednis ek kenne, mar der lykwols net yn hingjen bliuwe."

Molukse brulloft - Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)