LIVE: Trije Fryske klups yn aksje yn de KNVB-beker

Trije Fryske klups komme tiisdeitejûn yn aksje yn de earste omloop fan de KNVB-beker. SC Cambuur, Harkemase Boys en ONS Snits sille alle trije yn in útwedstriid besykje om de folgjende omloop te berikken. Omrop Fryslân is dêr op de radio live by.
KNVB-beker © ANP
Geert van Tuinen is SC Cambuur efternei reizgje foar it duel tsjin de amateurs fan SVV Scheveningen, wylst Andor Faber yn Werkendam ferslach docht fan de wedstriid tusken twaddedifyzjonist ONS Snits tsjin Kozakken Boys. De ferrjochtingen fan de Harkemase Boys tsjin de Keninklike HFC wurde folge troch Roelof de Vries.
Op Omrop Fryslân Radio skeakelje we fan 19:45 oere ôf live tusken de trije wedstriden. Harkje hjirûnder live!