Advokaat Tjalling van der Goot útroppen ta Parel van de Balie
Advokaat Tjalling van der Goot fan it Ljouwerter advokatekantoar Anker & Anker is útroppen ta Parel van de Balie. Syn beropsgenoaten fine him in foarbyld foar de hiele beropsgroep.
Van der Goot is sûnt 1999 ferbûn oan advokatekantoar Anker & Anker. Hy wurket benammen oan grutte gewelds- en sedesaken en docht ek in soad wurk pro deo.
De ferkiezing waard hâlden ûnder lêzers fan it Advocatenblad fanwegen it 100-jierrich bestean fan it tydskrift. Oare kandidaten wiene Bénédicte Ficq, Liesbeth Zegveld en Loe Sprengers.