Faksinearje: kieze tusken twa kweaden?

25 sep 2018 - 18:30

"Vaccineren zie ik als het kiezen tussen twee kwaden: bescherm je je kind tegen ziekten als je kiest voor vaccinatie of worden er juist slechte stoffen in je kind gespoten?" Dat seit mem Rianne Hoekstra út Ljouwert. Se hat in dochter fan twa jier en is yn ferwachting fan in soan.

Beide bern sil se net faksinearje litte. "Ik heb hier niet zo maar voor gekozen. Ik heb veel research gedaan en lees alles wat er is over bijvoorbeeld de geschiedenis van de ziektes en het effectiviteit van vaccinatie. En toen kwam ik toch tot de conclusie dat het beter is om niet te doen." Krekt as Rianna binne der hieltyd mear âlden dy't derfoar kieze om harren bern net te faksinearjen, wat in diskusje opsmyt.

Groepsymmuniteit

Op dit stuit is yn Fryslân likernôch 92 prosint fan de bern yninte. It giet dan om de bern dy't yn 2015 berne binne en foar it twadde libbensjier alle prikken krigen hawwe út it Rijksvaccinatieprogramma. Lanlik leit dit sifer leger, op 90 prosint. Margreet de Graaf, direkteur fan de GGD, seit dat it wichtich is dat alle bern yninte wurde, sadat de groepsymmuniteit heech bliuwt. "Dan is de kâns dat bern siik wurde en komme te ferstjerren sa leech mooglik. De sykte kriget dan gjin romte om de kop op te stekken."

Dy groepsymmuniteit is der as 95 prosint fan de bern faksinearre binne, wat op dit stuit dus net sa is. "It begjint no wol gefaarlik te wurden en it kin wêze dat der in epidemy útbrekt. Dat bart yn plakken dêr't de faksinaasjegraad leech is. Dat hawwe wy bygelyks sjoen yn Staphorst yn 2014, dêr't hûnderten bern yn it sikehûs bedarren."

Foto: Omrop Fryslân

Faksinaasje en dochs siik

Mei dit yn de achterholle, hat Rianne dochs de kar makke om har bern net te faksinearjen. En dat begûn al doe't se lyts wie. Se wie sels yninte, mar is dochs siik wurden. "Ik kreeg de bof en kinkhoest en mijn zusje kreeg hersenvliesontsteking. Ik kreeg toen al een soort afkeer voor vaccinatie."

Doe't Rianne sels bern krige hat se dêrom alles wat skreaun is oer faksinaasjes lêzen. "Neem bijvoorbeeld de mazelen. Als je de ontwikkeling van de ziekte ziet, dan zie je dat de ziekte al bijna niet meer voorkwam toen het vaccin werd ingevoerd. Kan je dan wel zeggen dat het vaccin werkt?"

Rianne fynt dat âlden faak bang praat wurde oer sykten. "Het lijkt wel alsof we robots zijn en dat we ons vol laten spuiten om maar zo functioneel mogelijk te zijn. Ik hoor dat er zelfs een vaccin komt tegen waterpokken. Dan vraag ik me af: wat is er erg aan om soms ziek te zijn?"

Foto: ANP

Gefaarlike stoffen, of net?

Njonken de effektiviteit fan it faksin is ien fan de meast foarkommende soargen de stoffen dy't yn de faksins sitte.

Sa sit der yn it faksin tsjin bof, mûzels en readehûn libjende ferswakke firussen. Yn oare faksins sit aluminium wêrfan't de saneamde anty-faksers sizze dat it gefaarlik wêze kin foar bern, mar de GGD sjocht dat oars. "Dy stof krijsto, njonken de faksins, yn it deistich libben ek binnen. It sit bygelyks yn boarstfieding of flessefieding. Der sit sels mear aluminium yn in par as alle faksins byinoar", seit de Graaf. Se begrypt wol dat âlden bang wurde fan dizze falske ynformaasje. "Der stiet safolle tsjinstridige ynformaasje op ynternet, besykje dan as âlder mar ris te bepalen hokker ynformaasje goed is."

Berne-opfang

Ek de berne-opfang hat in rol yn de diskusje. Alden fan bern dy't wol faksinearje litte, binne benaud dat harren bern siik makke wurde troch de bern sûnder faksinaasje. Jeannet van den Akker, direkteur SKF Kinderopvang Friesland, hat dêr ek mei te krijen. "Wij vragen ouders tijdens een intake-gesprek of ze hun kinderen hebben ingeënt. Dan komt het wel eens voor dat er niet-vaxers tussen zitten." Van den Akker fertelt dat se yn petear giet mei dy âlden en mei-inoar in oar plak sykje foar it bern, want se meie offisjeel gjin bern wegerje. "Dat zou ik wel willen. Dit omdat we de veiligheid van alle kinderen in onze opvang willen garanderen."

Neffens de Graaf fan de GGD leit dit wol wat nuansearder. "Hoe feilich dyn bern is, hat in soad te krijen mei de omjouwing. In berne-opfang dêr't alle bern faksinearre binne, jout de âlden de skyn fan feiligens. Mar der is altyd noch in kâns dat dyn bern siik wurdt, dus it wegerjen fan berne-opfang is net de oplossing." Ria de Jong soe har dochter fan fyftjin wiken net nei in berne-opfang bringe, as dêr ek net-faksinearre bern omrinne. "Mijn dochter is nog zo jong en kan niet voor alles al ingeënt worden. Ik ben een werkende moeder, dus zou ze hier dan vier dagen per week op de opvang blootgesteld aan een bepaald risico, en dat wil ik niet nemen".

Ferplichting

Fraksjelieder fan de VVD Klaas Dijkhoff giet noch in stap fierder. Hy wol ûndersyk dwaan litte nei it ferplichtsjen fan faksinaasje. Rianne sjocht dat hielendal net sitten: "Dan ben je dus geen baas meer over je eigen kind. Het zou het begin van het einde zijn." Ek de Graaf fynt dat dy maatregel te fier giet. Sy fynt dat âlden mear bewust wêze moatte dat faksinearjen echt de bêste opsje is foar it bern. "Wat faksinearje dochst net foar dysels allinnich."

(advertinsje)