K-popstjer Somi ferwûndere troch Fryslân

Fryslân hat dizze wike in ferneamde Koreaanske popstjer op besite. It giet om de 17-jierrige artyst Somi. Mei hast 2,5 miljoen folgers op Instagram is sy ien fan de populêrste K-popartysten yn eigen lân, mar ek fier dêrbûten. De besite fan Somi, dy't berne is as Ennik Somi Douma, is ek foar harsels bysûnder. Har pake is nammentlik berne yn Fryslân en dus keart de K-popstjer yn Ljouwert werom nei har roots. Omrop Fryslân hie moandei in eksklusyf ynterview mei har.
Somi de reis nei Fryslân
Hoe wie de reis nei Fryslân?
"Myn reis begûn yn Amsterdam, dêr't ik ûnder oare ek de grêften sjoen haw. Pas dêrnei bin ik nei Fryslân ta kaam. Underweis koe ik moai de omjouwing besjen. Alles is hjir sa moai en prachtich."
Bist ek noch bisten tsjinkaam?

"Ja, ik seach skiep! Ik koe it earst net goed sjen, om't myn eagen net sa goed binne. Ik frege noch oan ús heit, wat is dat dêr? It liken wol wite pluzebollen dy't beweegden, mar ús heit lei al gau út dat it skiep wiene. Sa cool!"
Somi oer har k-popstjer libben
Hoe is it om sa'n grutte k-popstjer te wêzen?
"It is hiel dreech, mar der binne ek in hiel soad moaie mominten. Ik hâld derfan om te sjongen en op te treden foar myn fans. Alle kearen as ik op it poadium stean, is it in ûnferjitlik momint. Ik hâld gewoan fan de ynteraksje mei myn fans, en mei harren in goede tiid te hawwen. Dus it is eins in seine foar my dat ik dit dwaan mei. Mar op itselde momint is it hurd wurkjen. It trainen, sjongen en dûnsjen is dreech. Mar bûten dat is it hiel leuk. Ik bin noch mar santjin, mar ik doch dit no al seis jier lang. It wie altyd myn dream om te sjongen foar minsken, dus ik bin hiel bliid dat ik dit dwaan kin."
Wat makket k-pop sa oantreklik?
"Ik tink dat it de ûnderskiedende klank is dy't it ferskil makket mei oare muzyk. It hat mear 'beat' en 'trap'. En de optredens dy't derby hearre: je sjonge en dûnsje tagelyk. Ik tink dat dat de sjarme is fan k-pop. It wurdt ek hieltyd mar grutter en grutter yn Europa en dêr bin ik fansels hiel bliid mei. Net salang lyn wie ik yn Berlyn foar in optreden en dêrfoar ek noch yn Parys. Ik fyn it hiel moai om foar myn Europeeske fans op te treden, dus ik fyn it hiel moai dat de muzyk hieltyd grutter wurdt hjir."
Somi oer har Fryske roots
Is dit dyn earste kear yn Nederlân en Fryslân?
"Nee, it is myn twadde kear. Ik wie yn 2012 ek yn Fryslân, foardat ik begûn mei dûnsjen en sjongen. Ik fyn it geweldich om werom te wêzen. It fielt hjir as thús."
Wêrtroch fielst do dy thús yn Nederlân?
"De tsiis en de bitterballen. Ik wit net, it fielt gewoan as thús. Hoe't it rûkt, de minsken en alles. It fielt hiel wolkom en lykas thús. Dêr bin ik der o sa bliid mei."
Mar do hast dochs ek Frysk bloed?
"Ja, dat kloppet. Dêr bin ik hiel grutsk op. Ik haw in soad sportive foarâlden. Sy diene allegearre oan sport en wiene dêr hiel goed yn. Miskien is dat ek wêrom't ús heit en ik hiel aktyf binne. Ik tink dat dit in Fryske eigenskip is. Us pake wie in hiel goede dûker. En ús heit en ik kinne hiel goed swimme. Us pake komt oarspronklik fan It Hearrenfean. Ik haw yn 2012 ek by syn âlde hûs west. Dat wie wol in bysûnder momint. "
Somi en har Fryske tas
Hiesto ek in Fryske tas?
"Ja. Dy is mei de hân makke foar dizze reis. Der stiet in Fryske flagge op en de nammen fan myn suske en my. Hy is oranje oan de binnenkant, hiel moai. Us heit hat ek ien. It is in oar ûntwerp, mar hy is ek hiel cool. In protte minsken wiene al nei myn tas oan it sjen en ik tocht fan: 'yeah!'."
Somi oer har ferskate nasjonaliteiten
Wat fynt jim mem fan dyn nasjonaliteiten?
"Se fynt it geweldich. Se is hiel grutsk dat ik trije nasjonaliteiten haw. Foar my fielt it ek hiel spesjaal om sa'n eftergrûn te hawwen. Ik hâld derfan om in bytsje oars te wêzen."
Hoe komme dyn ferskate nasjonaliteiten ta utering?
"Ik tink dat ik trije persoanlikheden haw. Ik haw in Nederlânsk diel, in Kanadeesk diel en in Koreaansk diel yn my. Myn Koreaanske diel is dat ik op guon mominten hiel realistysk en strikt bin. Alles is hiel berekkenjend dan. It Kanadeeske diel fan my is sa fan: 'Let's have some fun and just go with the flow.' En it Nederlânske diel fan my is dat ik fan bitterballen en Goudske tsiis hâld, haha. Hoe âlder, hoe better! En myn Fryske diel is dat ik hiel goed bin yn sporten. Ik haw acht jier lang oan taekwando dien en ik wie der hiel goed yn. En ik hâld der gewoan fan om te sporten!"
Wat docht Somi noch mear yn Fryslân
Wat stiet der noch op de planning?
"Tiisdei sil ik in soad aktiviteiten dwaan. Ik sil bygelyks oer de grêften farre. En ik bin gek op supermerk Albert Heijn. Dat wie geweldich! We hawwe supermerken yn Koreä, mar net lykas de Albert Heijn, dus dat is wol wat ik moai fyn oan Nederlân."