Lampepeallen midden op stoepe, wat is der misgien yn Hurdegaryp?

Der is wat nuvers oan de hân by de Ryksstrjitwei yn Hurdegaryp. Dêr binne nije lantearnpeallen pleatst op in nij kuierpaad. De peallen stean presys yn it midden fan de stoepe.
Lampepeallen Hurdegaryp stean middenop stoepe © MultyStyle Parket
Op de tekening stiet it wol goed.
Larissa Braam
Larissa Braam oer hoe't it no krekt sit
"In fermaaklik byld, mar dit is fansels net de bedoeling", seit Larissa Braam fan de gemeente Tytsjerksteradiel, mei wa't Omrop Fryslân belle om in reaksje.
"Op de tekening stiet it wol goed. Wy sille it sa gau mooglik oplosse. It paad bliuwt lizzen en de lampepeallen skowe in eintsje op." Frou Braam wit noch net wa't ferantwurdlik is foar de flater. "Dat moatte wy noch útsykje."