Skiermûntseach wurdt earste skaakeilân fan de wrâld

25 sep 2018 - 17:16

Hynders, tuorren en pionnen: Skiermûntseach fynt himsels it bêste plak om mei it skaakspul ferbiningen te lizzen tusken minsken. It eilân grypt de dei fan it Global Chess Festival op 13 oktober oan om bekend te meitsjen dat it it earste skaakeilân fan de wrâld wurdt.

Skiermûntseach - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Boargemaster Ineke van Gent leit út wat in skaakeilân is: "Een plek waar enthousiast schaak gespeeld en geleerd wordt, waarbij jong en oud op een toegankelijke manier betrokken worden. De sfeer en ambiance op Schiermonnikoog nodigen uit tot een potje schaak. Ons eiland kenmerkt zich door een actief verenigingsleven en ik zie het als een leuke uitdaging om heel Schiermonnikoog nog enthousiaster te maken voor schaken."

Boargemaster set iepeningsset

Van Gent set op sneon 13 oktober sels de iepeningsset op de spesjale skaaktafels dy't Skiermûntseach krigen hat. En de boargemaster biedt it earste Skiermûntseagersk skaakspul oan oan de foarsitter fan de Koninklijke Nederlandse Schaakbond (KNSB). Dat spul is wyt en read. in ferwizing nei de reade Noardertoer en de wite Sudertoer op it eilân.

De 13e oktober is ek de start fan in tal skaakaktiviteiten dy't faker organisearre wurde sille, lykas in jeugdskaaktoernoai en clinics. Skoalbern op Skiermûntseach krije allegearre skaakles.

Bêste skaakster fan de wrâld

It Global Chess festival is opset troch Judit Polgár út Hongarije, de bêst skakende frou ea. Sy set har derfoar yn dat yn 2025 oer de hiele wrâld fiif miljoen minsken tagelyk op ien dei oan it skaken binne. Polgar is wiis mei it Skiermûntseagersk inisjatyf. Se fynt it in prachtich eilân en se fynt it moai datst dêr tenei rûnom skaken sjen kinst. Se hopet dat dizze spontane skaakmoetingen in nije ympuls jaan sille oan it eilân en oan de wrâld.

(advertinsje)
(advertinsje)