Grien ljocht foar driuwend sinnepark Oerterp, doarp hat syn betinkingen

25 sep 2018 - 17:13

Op de Libbe Gabriëlplas by Oerterp komme hast 40.000 driuwende sinnepanielen. It doarp is dêr net echt bliid mei. Dat komt net troch it sinnepark sels, mar troch de kompensaasjemaatregels dy't yn harren eagen net wiermakke wurde.

De Libbe Gabriëlsplas by Oerterp - Foto: Omrop Fryslân

As kompensaasje soene der bygelyks twa brêgen oer it wetter komme, mar dat giet net troch. Wat wol trochgiet, is de pleatsing fan twahûndert ekstra sinnepanielen op it dak fan it multyfunksjoneel sintrum yn it doarp. Dêrom hat de gemeenteried fan Opsterlân dochs unanym foar stimd. Pleatslik belang is bliid dat der no dúdlikens is, mar hat in dûbeld gefoel oer hoe't it allegearre gien is.

Trefwurden: 
sinnepark Oerterp
(advertinsje)
(advertinsje)