Waddenpartij moat fan kieslist yn Noardeast-Fryslân, fynt Wad'npartij

De Ried fan Steat beslút nei alle gedachten woansdei of tongersdei oft de Waddenpartij ûnder dy namme meidwaan kin oan de riedsferkiezings yn Noardeast-Fryslân. Dat waard tiisdei dúdlik by in Kieswetsaak yn Den Haag.
It Waad by Peazens. © Remco de Vries
De Wad'n Partij út Harns hat frege om de Waddenpartij fan de kieslist fan de weryndielingsferkiezings yn novimber ôf te heljen. De nammen lykje tefolle op elkoar, fynt de partij yn Harns. It kin minsken op 'e doele bringe en dat mei net fan de Kieswet. De Wad'npartij is benaud foar betizing, omdat dy meidwaan wol oan de provinsjale ferkiezings.
De Kiesried hat de namme Waddenpartij foarearst wol goedkard, omdat dy allinnich foarkomt op de lokale kieslist fan Noardeast-Fryslân. De ried giet derfan út dat kiezers it ûnderskied wol meitsje kinne tusken beide partijen.