Appe en belje op 'e fyts takom jier ferbean: Veiligverkeer Fryslân bliid

25 sep 2018 - 16:55

Veiligverkeer Fryslân is wiis mei it foarstel fan de ministers Van Nieuwenhuizen en Grapperhaus om appe en belje op 'e fyts te ferbieden. It kabinet hat in wetsfoarstel nei de Twadde Keamer stjoerd. De maatregel moat it ferkear feiliger meitsjen.

Foto: ANP

"Wy binne hjir hiel bliid mei, der wurdt al in skoft oer praat", sa seit in wurdfierder. "It foarstel slút ek goed oan by de MONO-kampanje, dy't besiket minder fytsers en automobilisten sosjale media brûke te litten ûnder it riden."

Alle ferfiermiddels

Yn it wetsfoarstel fan de ministers stiet dat it ferbean wurdt om ûnder it bestjoeren fan alle ferfiermiddels in mobyl elektroanysk apparaat beet te hâlden.

(advertinsje)