Wurkstraffen foar trije meiwurkers himpkwekerijen yn 'e Stellingwerven

De trije manlju dy't belutsen wiene by himpkwekerijen yn Easterwâlde en Wolvegea binne tiisdei troch de rjochtbank yn Ljouwert feroardiele ta wurkstraffen. Dy wiene leger as de offisier fan justysje twa wiken lyn easke hie.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De fertochten, in 36-jierrige Snitser, in 51-jierrige ynwenner fan De Jouwer en in 61-jierrige man út Hoarnstersweach, krigen wurkstraffen fan 40, 80 en 120 oeren. Twa wiken lyn hie de offisier fan justysje 80 oant 150 oeren easke, mar de rjochtbank hâlde tiisdei rekken mei de âldens fan 'e saak.

Himpkwekerijen

De trije manlju wiene belutsen by de himpkwekerijen. Sa hiene se bygelyks stroom oanlein en oare wurksumheden dien by in wytplantaazje, dy't ûnderbrocht wie yn Easterwâlde. Ek troffen aginten yn in loads yn Wolvegea in wytplantaazje oan yn in frachtwein dy't dêr stie. Yn in oar gebou waard noch in himpkwekerij yn oanbou oantroffen; yn in loads oan Ploeggang stie in kwekerij mei mear as 300 planten.