Rubberen flot slacht om by Skylge, helptsjinten manmachtich oproppen

Helptsjinsten binne tiisdeitemiddei manmachtich yn aksje kaam fanwege in omslein rubberen flot by Skylge. Under oare traumahelys yn Amsterdam en Grins waarden oproppen.
Raft slacht om by Skylge
De rêdingsmaatskippij hat de minsken úteinlik út it wetter helle. It soe gean om seis persoanen. Neffens de ferhierder fan de boat binne der gjin minsken ferwûne rekke. Guon fan harren hawwe wol wetter binnen krigen en der wie ek wol sprake fan panyk.
De Kustwacht makke tiisdeitemiddei bekend dat trije persoanen mei in helikopter nei it sikehûs oan 'e fêste wâl brocht binne fanwegen ûnderkuolling. Der soene dêrnei noch fjouwer persoanen nei it sikehûs brocht wêze.