Trainer Olde Riekerink: "Wij willen graag de beker winnen"

25 sep 2018 - 16:14

Trainer Jan Olde Riekerink sil mei de sterkst mooglike opstelling úteinsette tsjin twaddedifyzjonist Katwijk. "Wij vinden het bekertoernooi erg belangrijk", sa seit Olde Riekerink. "Ten eerste omdat we graag de beker willen winnen. En ten tweede omdat we met het team nog in de opbouw zitten. Daarom nemen we deze wedstrijd heel serieus."

Olde Riekerink kin woansdei gjin berop dwaan op Arber Zeneli en Lucas Woudenberg. Zeneli wurdt fanwege "privee omstannichheden" bûten de ploech litten. Lucas Woudenberg mist it duel yn Katwyk troch in skorsing. Ferline jier krige hy in giele kaart yn it bekerduel tsjin Willem II.

De tsjinstanner

De lêste kear dat sc Hearrenfean yn 'e beker ferlear fan amateurs wie yn it seizoen 1990/1991. Hearrenfean ferlear doe fan Geldrop. Yn Katwyk hâldt men gjin rekken mei in bekerstunt. "De realiteit is dat Heerenveen een maatje te groot is voor ons", sa seit trainer Jack van den Berg. "De kans is groot dat we het niet redden."

Ik ben realistisch. Normaliter is het niveauverschil tussen eredivisie en tweede divisie te groot.

Jack van den Berg, trainer Katwijk

Van den Berg seit dat it mei dizze opmerkingen net syn bedoeling is om yn de rol fan underdog te krûpen. "Ik ben realistisch. Normaliter is het niveauverschil tussen eredivisie en tweede divisie te groot. Dat zal iedere voetbalkenner met me eens zijn", sa seit de 59 jierrige oefenmaster út Rotterdam. Katwyk stiet op dit stuit op it tredde plak yn de twadde difyzje en is de regearjend kampioen.

De wedstriid set woansdei om 19.45 oere útein en is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio.

(advertinsje)