Cambuur ferkeapet sertifikaten foar bou nij stadion

De útjefte fan spesjale sertifikaten moat SC Cambuur oan in nij stadion helpe. De Ljouwerters hawwe oant 1 july 2021 de tiid om seis miljoen euro op it kleed te krijen.
© Omrop Fryslân
Mei de sertifikaten moat yn alle gefallen twa miljoen fan de seis miljoen dutsen wêze. Foar tûzen euro kinne Cambuurleafhawwers in hiel lyts bytsje eigener fan SC Cambuur wurde. Mar as supporter mei-eigener wurde fan de fuotbalklup bestjut dat net dat minsken dan ek wat te sizzen hawwe oer de takomst fan 'SCC', seit finansjeel direkteur Gerald van den Belt.
Ferslachjouwer Bauke Deelstra
Cambuur ferkeapet sertifikaten foar bou nij stadion