Tuskenstân LF2018: 1,8 miljoen besiken oan eveneminten

It earste healjier fan Kulturele Haadstêd Ljouwert Fryslân 2018 hat poerbêste sifers opsmiten foar de stêd. Dat docht bliken út ûndersyk fan Monitoring en Evaluatie yn opdracht fan de gemeente Ljouwert en de provinsje Fryslân. Sa hawwe 15 prosint mear bûtenlânske besikers de stêd besocht as yn 2017.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
It tal besiken oan de ûnderdielen fan it haadprogramma fan Kulturele Haadstêd komt oant en mei augustus ta op sa'n 1,8 miljoen út. Dit is op basis fan in eigen telling fan Kulturele Haadstêd fan 24 fan de 60 haadprogramma-ûnderdielen. De Reuzen fan Royal de Luxe (430.000 besikers), de Tall Ships Races (335.000 besikers) en de útstalling fan Alma Tadema yn it Fries Museum (158.000 besikers) hawwe de measte besikers lutsen. Fan in soad mienskipseveneminten moatte de sifers noch binnen komme.
Minsken genietsje net allinnich live fan de eveneminten fan LF2018, ek fia de media wurdt in grut publyk berikt. Neffens de sifers is der ynternasjonaal sjoen in mediawearde fan 27 miljoen euro opbrocht. Under oare de Deutsche Welle, ZDF en The Guardian hawwe omtinken bestege oan LF2018. Dêrnjonken wiene ek de gruttere lanlike stjoerders yn de Fryske haadstêd werom te finen.
© Ruben van Vliet, Fries Museum

Musea

Njonken de eveneminten profitearje ek de Fryske musea fan LF2018. Sawol it Fries Museum as Keramykmuseum Princessehof hawwe no al mear besikers lutsen as oer it folsleine jier 2017. Ek Museum Belvédère en it Jopie Huismanmuseum dy't fier bûten Ljouwert lizze, kinne profitearje fan LF2018. It totaal tal besikers foar Belvédère komt oant 31 july út op 36.000, yn deselde perioade kamen der ferline jier 21.000 besikers. It tal besikers oan it Jopie Huisman Museum is mei 40 prosint omheech gien.

Wifi

De ûndersikers brûke de wifi yn de binnenstêd fan Ljouwert om út te finen hoefolle minsken de stêd yn de ôfrûne moannen besocht hawwe. Yn it kearnwinkelgebiet leit dat oantal op dit stuit op hast 5,5 miljoen minsken. Dit binne dan unike besikers, en bygelyks net immen dy't trije kear by itselde wifipunt delrint. Yn de earste acht moannen fan 2017 wiene dit der hast 4,9.
Frysk Strjitfestival © Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

Wurdearring

De besikers oan LF2018 jouwe oer it algemien in goed sifer oan de organisaasje fan Kulturele Haadstêd. De ûndersikers hawwe strjitynterviews dien om ta dizze sifers te kommen. It Fries Straatfestival krige in 8, it Oranjewoudfestival in 8,2, en At the Watergate yn Snits in 8,3.
Ut ûndersyk fan it Fries Sociaal Planbureau fan ôfrûne juny die noch bliken dat Friezen LF2018 in 6,5 wurdich fûnen.