Haitsma Beton bout mei oan nije ferbining tusken Katwijk en Leiden

25 sep 2018 - 14:29

Haitsma Beton út Koatstertille is belutsen by de bou fan in tunnel dy't oanlein wurdt as ferbining tusken Katwijk en de A4 by Leiden. De nije dyk, de RijnlandRoute, moat in ein meitsje oan de files dy't dêr no alle dagen stean. De tunnel wurdt sa'n twaenheale kilometer lang.

Beton - Foto: ANP

Omdat der yn it gebiet in soad wetter en krusende diken binne, binne der goed tweintich nije keunstwurken nedich. Haitsma Beton is belutsen by fjouwer dêrfan. Ek makket it bedriuw prefab-lizzers foar twa keunstwurken njonken de A4.

It betonbedriuw moat njoggentjin lizzers deis leverje fanút Fryslân. Dy moatte op ôfrop klear stean op in lokaasje yn de buert, omdat der by it bouplak kwealik opstelromte is foar de frachtweinen.

(advertinsje)
(advertinsje)