Restaurant Op Hatsum komt mei ferzje 2.0

25 sep 2018 - 14:10

It ferneamde fiskrestaurant Op Hatsum by Dronryp giet fierder as 'Lokaal Op Hatsum'. Fan mids novimber ôf komt it restaurant mei in kaart dy't folslein lokaal oriïntearre is, mar net mear spesjaal op fisk.

De produkten keapet it restaurant by boeren en leveransiers út de direkte omjouwing. Nije eigener is Corné van de Erve, bekend fan Ljouwert ytkafee Spinoza. Hy wol de kaart alle wiken fernije om't mei deifarske produkten wurke wurdt,

Goed tritich jier lyn begûn Jaap Wolters mei Thom Mercuur in fiskrestaurant yn it eardere kofjehûs by it spoar. De lêste tsien jier hawwe der meardere eksploitanten yn sitten en it stie sûnt maart te keap.

(advertinsje)