Oerfal op âlder pear yn Easterwâlde yn Opsporing Verzocht

25 sep 2018 - 12:02

Yn it telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht wurdt tiisdeitejûn omtinken jûn oan de oerfal op in âlder stel yn Easterwâlde, op 22 juny dit jier. It echtpear fan 88 en 90 jier âld waard doe yn har hûs oan de Logten oerfallen troch twa manlju.

Wenningoerfal yn Easterwâlde - Foto: Srfotografie

De plysje hopet op tips en mooglik ek tsjûgen nei oanlieding fan de útstjoering fan Opsporing Verzocht. De fertochten fan begjin tweintich kamen freedtemoarn 22 juny om kertier oer fiven hinne it hûs fan de slachtoffers yn. Se drigen mei in mes. De twa hellen it folsleine hûs oer de kop.

De oerfallers namen in klûs en de auto fan de bewenners mei. Dizze lieten se eefkes letter efter oan de Veenhofwei yn Easterwâlde. Dêr binne se yn in oare auto stapt. De man rekke by de oerfal ferwûne oan 'e holle. Ek hie er kniezings op syn lichem.

De útstjoering fan Opsporing Verzocht is tiisdeitejûn te sjen op NPO 1, fan healwei njoggenen ôf. Woansdei wurdt it programma werhelle op NPO 2, om tweintich foar tolven.

Trefwurden: 
oerfal
(advertinsje)