Gemeente lit strieling mjitte by elektrisiteitsstasjon yn Wolvegea

De gemeente Weststellingwerf sil de strieling mjitte by in elektrisiteitsstasjon fan Liander oan de Haulerwei yn Wolvegea. Wethâlder Hanneke Zonderland hat dat moandeitejûn tasein yn de riedsgearkomste. Dêrmei foarkaam se dat de ried in beslút oer útwreiding fan it stasjon, útstelle soe.
Elektrisiteit © ANP
VVD-riedslid Aukje Kroondijk pleite moandeitejûn foar útstel. Se is benaud dat minsken sûnensproblemen krije en wol earst mear ynformaasje fan de ferantwurdlik steatssekretaris. It like derop dat oare partijen har stipen.
De VVD wie lykwols ree om de moasje oer útstel fan de bou fan tafel te heljen, wannear't Liander earst in nulmjitting útfiert en dêrnei elk healjier mjittingen docht. De wethâlder sei dat der fuortendaliks by it begjin fan de bou metten wurdt en ek wannear't it elektrisiteitsstasjon klear is.

Stroomlevering

Zonderland hie Liander frege wat de gefolgen binne fan it útstellen fan de útwreiding fan it stasjon. Neffens har ûntstean der dan problemen mei de stroomlevering, wannear't nije bedriuwen stroom nedich ha. D66 en GroenLinks fûnen de reaksje fan Liander in foarm fan sjantaazje.
Mocht de strieling te heech wêze, dan wol de wethâlder har ynsette foar it opkeapjen fan wenningen oan de Haulerwei. It is de bedoeling dat der yn jannewaris mei de bou fan it stasjon begûn wurdt. De bou duorret twa jier.