Grutte ynternasjonale delegaasje yn WTC foar wetterkongres

25 sep 2018 - 11:33

Hoe kin der in ein komme oan de wrâldwide wetterproblematyk? Op dy fraach besykje se dizze dagen in antwurd te krijen op de earste 'Europese Watertechnologieweek (EWTW)'. Op de EWTW komme minsken en bedriuwen ôf út de hiele wrâld, lykas Sina, Israel, Súd-Koreä en Kanada.

Foto: Omrop Fryslân

Wichtige tema's op de EWTW binne: wetterfersmoarging, wetterkrapte en de wikselwurking tusken wetter en sûnens. Johannes Boonstra fan Wetsus is ien fan de organisatoaren fan it grutte kongres: "It is dit jier in kongres mei in grut programma mei allerhande parallelle sesjes oer wittenskip." Dêrnjonken wurde de sesjes ek brûkt om saken mei-inoar te dwaan.

De sesjes wurde laat troch ferskate heechleararen út allegearre kennisgebieten út Europa. Wetsus organisearret it kongres no al fiiftjin jier, mar sa grut as no hawwe se it noch nea hân. "Wy binne ynspirearre troch Kulturele Haadstêd om der dizze kear in hiel grut kongres fan te meitsjen."

Europeeske Hub

It kongresprogramma is dizze wike trije dagen lang, en alle dagen komme der sa'n 500 minsken. Der komme minsken út 38 ferskate lannen, en in soad fan harren komme út wrâldwide hubs, lykas de hubs fan Sina en Amearika. Ljouwert hat him de ôfrûne tiid opwurke ta Europeeske hub foar wettertechnology. Mei in hub wurdt in plak bedoeld dêr't kennis en kunde op it mêd fan wettertechnology byinoar komme. "Wy fine it in hele eare dat al dizze hubs mei sa'n grutte delegaasje hjirhinne kaam binne", fertelt Boonstra.

Prins Constantijn hat woansdei de technologywike yn it WTC iepene. De wrâldferneamde K-pop stjer Somi (mei Fryske roots) is ek yn Ljouwert foar it kongres. It evenemint duorret oant en mei tongersdei.

(advertinsje)