Nij EVT-skip fart takom maaitiid

De Spathoek © ANP
De EVT, de Eigen Veerdienst Terschelling, giet derfan út dat it nije skip De Spathoek fan 30 maart ôf farre kin. Eins hie de boat dizze simmer al farre moatten, mar dat slagge net troch allegear tsjinslaggen.
Neffens in wurdfierder binne de feilichheidseasken idioat heech en moat de EVT no noch in djoer evakuaasjesysteem ynstallearje litte. De EVT wol De Spathoek dit jier al wol ynsette as frachtboat. Op de Spathoek kinne net allinnich passazjiers, mar ek auto's ferfierd wurde. It is sûnt ôfrûne freed mooglik om te reservearjen foar de simmertsjinstregeling fan 2012 fan de EVT.