Plysje hâldt drankrider twa kear oan

07 nov 2011 - 10:07

In 46-jierrige automobilist út Easterwâlde is sneintenacht twa kear oppakt yn Ljouwert foar it riden mei tefolle drank op. De earste kear namen plysjes him mei nei it buro foar in test. Nei oanlieding dêrfan krige er in proses-ferbaal en in rydferbod fan acht oeren.
 

In pear oeren letter seagen de plysjes de man lykwols wer yn 'e stêd riden. Hy is op 'e nij oanhâlden en der is ek op 'e nij proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
plysje drankrider drank
(advertinsje)