Jobbegeaster mishannelt buorman

07 nov 2011 - 09:56
Foto: Omrop Fryslân

In man (55) út Jobbegea is snein oanhâlden omdat er syn buorman sloech. De twa hiene spul oer it pleatsen fan in stek. De emoasjes rûnen sa heech op dat de fertochte syn buorman (33) mei in balke sloech.

De buorman rekke ferwûne. De Jobbegeaster is oanhâlden. De plysje makke proses-ferbaal op.

(Advertinsje)
(Advertinsje)