Rudi Drent-learstoel foar Theunis Piersma

25 sep 2018 - 10:16

Heechlearaar Theunis Piersma fan de Ryksuniversiteit Grins wurdt eare mei in ferneamde learstoel. Hy kriget dizze eare fanwegen syn opmerklike, ynternasjonaal erkende bydragen oan de wittenskip.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De Fryske wittenskipper waard yn 2003 beneamd ta heechlearaar Biste-ekology en yn 2012 op de learstoel Trekfûgel-ekology, ynsteld troch in gearwurkingsferbân tusken de RUG, it Wereld Natuur Fonds en de Vogelbescherming. Dy ferruilet Piersma no foar de Rudi Drent-learstoel.

Piersma is ek waadbiolooch by it NIOZ Koninklijk Instituut voor Onderzoek der Zee. Hy krige ferskate prizen foar syn ûndersyk nei migraasje, ekology en evolúsje fan trekfûgels. Piersma studearre biology oan de RUG en promovearre yn 1994 by Rudi Drent. Drent wie in foaroansteand Nederlânsk ekolooch en ornitolooch.

Trefwurden: 
RUG Piersma
(advertinsje)
(advertinsje)