Gemeente Eaststellingwerf skriuwt dit jier reade sifers

25 sep 2018 - 10:15

De gemeente Eaststellingwerf komt dit jier yn de reade sifers. Benammen troch tekoarten yn de jeugdsoarch is der in begruttingstekoart fan 1,1 miljoen euro. De gemeente skriuwt dit yn de saneamde neijiersrapportaazje oan de ried.

It gemeentehûs fan Eaststellingwerf - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Jeugdsoarch is dit jier foar in soad gemeenten in grutte finansjele ôffaller. It Ryk hat foar sokke gefallen in potsje reservearre. Eaststellingwerf hat hjir in oanfraach foar yntsjinne, mar oft de gemeente dêr ek jild út kriget, is noch ûnwis. It kolleezje stelt de ried foar, it begruttingstekoart te dekken út de algemiene reserve.

(advertinsje)