Noch gjin oplossing foar ûnbemanne sporthalkantine yn Wolvegea

It sil noch in pear moannen duorje foardat der in strukturele oplossing is foar de net bemanne kantine fan sporthal De Steense yn Wolvegea. It sil neffens wethâlder Jack Jongebloed úteinlik slagje in pachter te finen, mar dat kin wol oant begjin takom jier duorje.
De Steense © Google Streetview
De ôfrûne tiid is der praat mei twa kandidaten, mar de gemeente Weststellingwerf kaam der mei beide partijen net út. No wurdt der sjoen nei tydlike oplossingen, lykas in automaat of in tydlike pachter.
De gemeenteried is kritysk oer de gong fan saken. Neffens riedslid Dirk Dubling fan SDW heakket it allegear op de pachtsom fan 2500 euro yn de moanne. Brûkers fan de sporthal neame de situaasje 'ûnbegryplik' en komme woansdei byinoar om der oer te praten.