Kollum: "Buorfrou en de spin"

25 sep 2018 - 07:32

"It klonk as it loftalarm fan moandeis 12.00 oere. Mei dat ferskil dat it freed wie en healwei seizen. It lûd kaam by buorfrou wei. Ik skeat yn myn bêste superhelde-modus en stoarme de keet by buorfrou yn. Dy stie oer de gong mei har ûnderbroek om de ankels. Of it wie in kwestje fan akút ferlet, of ien fan akute panyk. It bliek it lêste te wêzen. Se wiisde nei de wc. 'In spin,' sei se, 'sa grut as myn hân! Ik bin as de dea foar dy bisten!' Ik antwurde dat as sy mei de poes rêde, ik dat mei de spin dwaan soe.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

It is septimber, en dus spinnetiid. Om it hurtsje komme se no foar it ljocht. Se krûpe oer de muorren, sprinte oer de flier of hingje geniperich yn in hoekje alles te observearjen. Behalve nuttige, sa't de biologen altyd sizze, binne it ek oanstellerige bisten. Net allinne ha se acht poaten, dêr't de measte bisten fjouwer mear as genôch fine, mar ek nochris acht eagen. Gjin wûnder dat guon minsken harren samar besjoen fiele kinne, ek al witte se noch net dat der in spin yn deselde romte as harren is. Want as der trochinoar op eltse fjouwerkante meter ien spin sit, sitte der op in wc al gau twa of trije. Kear acht, binne fjouwerentweintich priemkjende eagen dy't jo yn 'e gaten hâlde.

Eangst foar spinnen blykt genetysk bepaald. Yn in eksperimint ha Dútske en Sweedske ûndersikers poppen fan seis moanne âld ferskillende plaatsjes sjen litten. Under oare foto's fan slangen, spinnen, bearen, blommen, flinters en noashoarnen. By de foto's fan slangen en spinnen reagearren de poppen mei signifikant gruttere pupillen. Dat wiist op in stressreaksje yn de harsens. Sa'n stressreaksje kin neffens de ûndersikers ûnmooglik oanleard wêze: mei seis moanne ha de popkes noch net leare kinnen dat spinnen, soms, gefaarlik wêze kinne. Ut dat ûndersyk ha se konkludearre dat eangst foar spinnen, of slangen, in evolúsjonêre oarsprong hat en dus yn de genen sit.

Hawar, ik stjoerde myn eigen samling genen om 'e hoeke fan 'e doar, wylst buorfrou de wenkeamer yn strampele. Yndie siet der in baas spin yn al syn hierrichheid boppe de stoartbak nei my te sjen. Mei acht gleone eagen. Foar buorfrou har geastlike sûnens wie it it bêste om him dea te slaan. Mar in smodzich plak op de wite muorre wie ek net de bedoeling. Dat besocht ik him mei de bleate hannen te pakken. Hy joech lykwols gas mei al syn acht poaten en skeat as Max Verstappen troch de gong de keamer yn. Dêr gie fuortendaliks it loftalarm wer ôf.

Doe't ik by har kaam seach ik de spin net mear. Buorfrou wie hielendal oeral. Se sei dat se fuort woe, bekomme fan de stress. Even tsien dagen nei Aitoliko yn Grikelân. Ik ha mar net sein dat dat plak alle jierren oerdutsen wurdt fan spinnewebben, makke troch de Tetragnatha spin, dy't dy ûnhuerige nêsten boud om te pearjen. Ik woe har wille net yn 't foar bedjerre."

(advertinsje)