Tefredenens oer gearkomste nije brânwachtfrijwilligers Aldegea

25 sep 2018 - 06:39

Feilichheidsregio Fryslân is tefreden oer de opkomst by de ynformaasjegearkomste moandeitejûn foar nije frijwilligers by de brânwacht yn Aldegea yn de gemeente Smellingerlân. Der kamen sa'n fjirtich belangstellenden op de gearkomste ôf.

Brânwacht - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De brânwacht hopet mei de ynformaasjejûn mear frijwilligers te lûken. De brânwacht wol yn it doarp in kazerne iepenje om oan de oanrydtiden foldwaan te kinnen. Dêrfoar binne fjirtich frijwilligers nedich.

Hichtefreze as klaustrofoby

Alle ynwenners tusken de 18 en 50 jier hiene in oprop krigen. De belangstellenden ha kaartsjes ynfolle. Dy kaartsjes wurde de kommende dagen beoardiele. Geskikte kandidaten wurde útnûge foar speeddates dy't woansdeitejûn plakfine. Op dy wize wol de brânwacht mear te witten komme oer de kandidaten, bygelyks oft se lêst ha fan hichtefreze as klaustrofoby.

(advertinsje)