Jildynsammeling foar ferdronken Afgaanske jonge by Burgum rint goed

24 sep 2018 - 22:08

In aksje om jild yn te sammeljen foar in betinkstien foar de omkommen Afgaanske jonge Meesam Rahimi is suksesfol. De bedoeling wie om 1000 euro op te heljen en dat bedrach is al binnen.

Maedeh Rahimi - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Der wurdt no besocht noch wat ekstra's op te heljen, foar in grêfstien dy't langer as tsien jier bliuwt. Syn suster Maedeh Rahimi is bliid mei de opbringst fan de ynsammelaksje. "Het geeft een goed gevoel dat na zijn overlijden mensen nog aan mijn broertje denken", seit se.

Meesam ferstoar yn july fan dit jier. Hy wie oan it swimmen yn it Prinses Margrietkanaal by Burgum, mar kaam net mear boppe. De bedoeling is dat de tinkstien by it kanaal komt, op it plak dêr't Meesam ferdronken is.

Mar der wie ek goed nijs, want sawat twa wiken ferlyn krige de famylje Rahimi te hearren dat se yn Nederlân bliuwe meie. "We zijn heel blij dat we bij mijn broertje kunnen blijven. Voor Meesam zelf kwam het te laat, maar het geeft ons nog wel een goed gevoel dat we kunnen blijven. Nu kunnen we onze dromen in Nederland laten uitkomen. Mijn droom is het om accountant te worden."

Maedeh Rahimi

(advertinsje)