Nij koaikerhúske by de Snitser Mar fierhinne klear

24 sep 2018 - 21:56

It nije koaikerhúske by de Snitser Mar is fierhinne klear. Yn de greiden tusken de Snitser Mar en de Goaijengeamieden is suver sûnder dat it te sjen is, in âld koaikerhúske wer opboud troch frijwilligers fan Steatsboskbehear. Frijwilligers en in tûzen skoalbern moasten it oant no ta dwaan mei twa beskimmele skaftketen.

De âlde einekoai is net mear yn gebrûk foar it fangen fan einen, mar wurdt wol brûkt om bern wat by te brengen oer de natuer.

It nije húske stiet smûk tusken de beammen fan de koai op in pear meter ôfstân fan de fundaasje fan in âlder gebou. Dy fundaasje wie net fan it koaikerhúske dat der earder stien hat, mar fan in wat jongere en gruttere boerepleatske. Plannen om op dy fundearring te bouwen, koene net trochgean om't dy skiednis yntakt bliuwe moat. It is de bedoeling om de nijbou fan 't winter klear te krijen. It gebou moat noch ynrjochte wurde en hat ek noch doarren nedich.

It nije koaikerhúske nei âld ûntwerp - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Ferslachjouwer Remco de Vries is by it nije âlde koaikerhúske

(advertinsje)