Ferset tsjin te hege nije brêge yn Dronryp

24 sep 2018 - 21:28

In belangegroep yn Dronryp ferset him tsjin de bou fan de nije brêge oer it Van Harinxmakanaal. De groep fynt de brêge te heech en dêrtroch te gefaarlik foaral foar ferkear lykas brommers, fytsers en fuotgongers.

Neffens de groep is de nije brêge net 40 sintimeter heger sa't de provinsje earst sei, mar in meter. It oerjoch is dêrtroch te min en dat smyt gefaarlike situaasjes op, seit Peter Tanghe, wurdfierder fan de groep.

Oerlis mei deputearre Sietske Poepjes hat wol opsmiten dat oan wjerskanten de wei readferve fytspaden komme. Mar de belangegroep fynt dat net genôch. As it ferkear wend is oan de situaasje, ride de auto's gewoan wer oer dizze stroken hinne binne se bang.

Pontsje by Dronryp yn plak fan brêge - Foto: Thea van der Schaaf

De groep is net tsjin de bou fan in nije brêge, mar falt oer de hichte en de gefaren dy't dat opsmyt. Boppedat fine se ferheging net nedich, omdat it tal skipsbewegingen op it kanaal leech is en omdat de brêge gewoan iepen kin. Heger is dus net nedich, seit de groep.

De bou fan de brêge is al úteinset. De groep hat in proseduere oanspand by de foarsjenningsrjochter en hopet dat de saak noch fan 'e wike behannele wurdt. As dat net slagget of as de rjochter it fersyk ôfwiist, giet de bou fan de brêge nei alle gedachten gewoan troch. Takom wike giet de brêge der al út. It ferkear wurdt no al omlaat oer in draaiend ponton, sawat 100 meter fierderop yn it Van Harinxmakanaal.

De belangegroep bestiet út minsken fan doarpsbelang, it fytsersbûn en ynwenners fan Dronryp.

Peter Tanghe leit út wat der mis is mei de brêge

Trefwurden: 
brêge Dronryp
(advertinsje)
(advertinsje)