De Rouwe: "Ferfangende doarpsmûne moat kinne"

As in doarp lykas Reduzum in nije wynmûne wol, dan moat dat kinne. Dat sei listlûker Sander de Rouwe fan it Fryske CDA yn It Polytburo. No jout it provinsjaal belied dêr gjin romte foar. Dêr moat dus feroaring yn komme, sa stiet yn it CDA-ferkiezingsprogramma.
De Rouwe: "Ferfangende doarpswynmûne moat kinne"
De steatefraksje fan it CDA is min te sprekken oer it feit dat Dokkum net mear as provinsjaal ekonomysk spearpunt jildt. It plan fan VVD-kollega-deputearre Klaas Kielstra is by it CDA min fallen. Neffens dy plannen soe de oandacht foaral útgean moatte nei de F4 (Ljouwert, Drachten, Snits en It Hearrenfean) en nei Harns.