Súdwest-Fryslân ûndersiket mooglike oanpak ferkearsoerlêst Snits

De gemeente Súdwest-Fryslân ûndersiket de mooglikheden om wat te dwaan oan it drokke ferkear yn it sintrum fan Snits. Dat seit de gemeente yn in reaksje op de klachten fan ynwenners oer de grutte ferkearsdrokte.
© Omrop Fryslân. Wytse Vellinga
It ûndersyk nei de mooglikheden om wat oan te dwaan oan de ferkearsdrokte, makket diel út fan de evaluaasje fan it gemeentlik ferkears- en ferfiersplan dy't Súdwest-Fryslân op 't heden útfiert.
De gemeente seit der wol by dat de mooglikheden beheind binne. Sa wol de gemeente it lânbouferkear yn it sintrum net ferbiede. Dat hat dermei te krijen dat sok ferkear net tastien is op de A7 en dêrom gjin alternativen hat om oan de oare kant fan de stêd te kommen.