Europeesk jild foar noardlike wurkleazen yn finansjele sektor

Der wurdt hast 1,2 miljoen euro beskikber steld foar ûntsleine wurknimmers yn de finansjele sektor yn de provinsjes Fryslân, Oerisel en Drinte. It jild komt út it Europees Globaliserings Fonds. It is bedoeld om de minsken oan in nije baan te helpen of om harren kâns op de arbeidsmerk te fergrutsjen.
© Shutterstock.com
De provinsjes hiene in oanfraach yntsjinne by de Europeeske Uny. It Europeesk Parlemint karde dy oanfraach moandei goed.
De ôfrûne jierren hawwe in soad bedriuwen lêst hân fan de finansjele krisis. Allinnich al by ferskate banken yn Noard-Nederlân rekken 1300 meiwurkers harren baan kwyt om't filialen tichtgiene.
''De massa-ontslagen in de financiële sector in de relatief kwetsbare regio hebben gezorgd voor een ingrijpende werkloosheid. Met dit geld proberen we mensen van baan naar baan te begeleiden'', seit CDA-Europarlemintariër Jeroen Lenaers.
It jild giet net nei bedriuwen. It is bedoeld foar de minsken sels. Dy kinne mei de stipe trainingen folgje of in eigen bedriuw begjinne.