Hieltyd mear lege stuoltsjes yn Abe Lenstrastadion

24 sep 2018 - 19:53

De besikersoantallen fan subtopklups yn de earedifyzjefuotbal sakje stadichoan. Al langere tiid binne der lege stuoltsjes te sjen yn de stadions fan ûnder oare Hearrenfean, Vitesse en FC Grins.

Lege stuoltsjes yn it Abe Lenstrastadion - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

By SC Hearrenfean komme der dit seizoen yn trochsneed 17.760 besikers nei it Abe Lenstrastadion. It ôfrûne seizoen wiene dat noch 20.431. En it jier dêrfoar wiene it sels 22.000. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de NOS en it buro Gracenote.

De top trije is stabyl. Ajax ferkeapet de measte kaartsjes, folge troch Feyenoord en PSV. De seis earste wedstriden fan dit seizoen kamen der 792.979 taskôgers. In jier ferlyn wiene dat noch 817.368.

(advertinsje)
(advertinsje)