Bedriuw driget út Nij Beets wei te gean as der gjin rap ynternet komt

Boumateriaalhannel BPG Van der Meulen giet mooglik út Nij Beets wei as der gjin rap ynternet komt. De ferneamde hout- en boumateriaalhannel hat driuwend ferlet fan rap ynternet. It famyljebedriuw mei 25 wurknimmers sit al fjirtich jier yn it doarp.
André van der Meulen, Nij Beets © Omrop Fryslân, René Koster

Glêstried

Op dit stuit sit mit bedriuw oan de grinzen fan de digitale mooglikheden. Op 1 jannewaris stappe se oer op in nij kompjûtersysteem dat eins in rappe glêstriedferbining nedich hat. Sa'n ferbining is der net yn Nij Beets. Foareast is dêrom in needoplossing betocht. Mocht dy lykwols net foldwaan en der komt ek gjin glêsfezel, dan sil it bedriuw wurk oerhevelje moatte nei Drachten, dêr't it al in gebou yn eigendom hat.

Oanmelde foar rap ynternet

André van der Meulen fan it bedriuw kaam mei dit boadskip op de dei dat de gemeente Opsterlân en KabelNoord yn Nij Beets úteinsette mei in rige fan seis ynformaasjegearkomsten oer rap ynternet yn de gemeente. Fan moandei ôf kinne bedriuwen en partikulieren harren dêrfoar oanmelde by Kabelnoord. Oanlis kin plakfine as op syn minst 60% meidocht. Yn de kommende trije jier moat minimaal 90% fan it Fryske plattelân oer rap ynternet beskikke, fynt de provinsje.

Fan libbensbelang

Kabelnoord is yn Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen mei de hiele operaasje begûn en Opsterlân folget dus no. Wethâlder Rob Jonkman fan Opsterlân fynt dat it ferhaal fan Van der Meulen nochris ûnderstreket wêr't de gemeente mei de provinsje op ynset. Foar bedriuwen en partikulieren en eins de hiele leefberens fan it plattelân is rap ynternet fan libbensbelang, neffens de wethâlder. As partikulier hat Jonkman himsels ek al ynskreaun.
Ferslachjouwer René Koster