Wrâldferneamde K-popstjer werom yn heitelân

24 sep 2018 - 18:02

Fryslân hat dizze wike in ferneamde Koreaanske popstjer op besite. It giet om de 17-jierrige artyst Somi. Mei hast 2,5 miljoen folgers op Instagram is sy ien fan de populêrste K-popartysten yn eigen lân, mar ek fier dêrbûten.

De besite fan Somi, dy't berne is as Ennik Somi Douma, is ek foar harsels bysûnder. Har pake is nammentlik berne yn Fryslân en dus keart de K-popstjer yn Ljouwert werom nei har roots. It is de twadde kear dat Somi in besite bringt oan har heitelân. Omrop Fryslân hie moandei in eksklusyf ynterview mei har.

Somi is yn Ljouwert fanwege de Wetskills Water Challenge, dat fan 15 oant 27 septimber op de WaterCampus yn Ljouwert hâlden wurdt. De K-popstjer is ambassadeur fan de Wetskills Foundation. Wetskills is in organisaasje foar jongeren fan oer de hiele wrâld mei in passy foar wetter en wettertechnology.

Tiisdei komt it folsleine interview mei Somi op de webside fan Omrop Fryslân.

Wat is K-pop?

K-pop (ôfkoarting fan Korean pop) is in muzyksjenre dat bestiet út elektroanysk, hiphop, pop, rock en r&b-muzyk út Súd-Koreä. De muzyk hat Amerikaanske ynfloeden út de popmuzyk en is yntusken útgroeid ta in eigen sjenre dat bekend is oer de hiele wrâld. Dizze muzyksoart komt faak mei yngewikkelde dûnspaskes. De saneamde K-pop-idols kinne solo-artysten wêze, mar de muzykyndustry hat in foarkar foar girls- en boysgroups.

Trefwurden: 
Somi K-pop Somi Douma
(advertinsje)