Kongres oer nije techniken yn wettertechnology

24 sep 2018 - 18:00

It regear soe mear jild stekke moatte yn 'kringloop'-lânbou, sizze ûndernimmers dy't nije techniken útfine om in duorsumere lânbou te krijen. Op dit stuit giet de subsydzje foar duorsumheid foaral nei wyn- of sinne-enerzjy. Mar foar it werbrûken fan dong en oare ôffalstoffen is noch fierste min oandacht - en jild - fan it regear, sizze ûndernimmers en wittenskippers. Se kamen moandei by-inoar op it kongres fan Wetsus, it Ljouwerter ynstitút foar wettertechnology.

Steatssiktaris Mona Keijzer fan Ekonomyske Saken wie ek op it kongres yn De Harmonie. Sy fynt it belangryk dat ûndernimmers, wittenskippers en it regear mei-inoar gearwurkje as it giet om ynnovaasje yn duorsumens en de gefolgen fan klimaatferoaring. Der is by Ekonomyske Saken ek in 'ekspertgroep' dêr't kennisynstituten lykas Wetsus yn sitte.

Undernimmers lieten de steatssiktaris sjen hoe't je weardefolle stoffen út urine en dong werbrûke kinne.

Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies
(advertinsje)