FIDEO: Sportoersjoch mei Hearrenfean, Cambuur, Rixt van der Horst en de Flyers

24 sep 2018 - 17:46

Alle moandeis sjogge we yn Fryslân Hjoed werom op de Fryske sportprestaasjes yn it ôfrûne wykein. Sportferslachjouwer Roelof de Vries skoot oan.

De ûnderwerpen fan hjoed:

* Sportklup Hearrenfean hat sneontejûn yn Rotterdam op it nipperke in punt pakt. De ploech fan trainer Jan Olde Riekerink spile mei 3-3 lyk tsjin Excelsior

* Foarútsjen op de wedstriid fan Cambuur fan tiisdei, tsjin Scheveningen

* Denzel Dumfries Award

* Rixt van der Horst fan Grou hat op de wrâldruterspelen yn Amearika trije gouden medaljes helle. Behalve de yndividuele en de teamproef sette se ek de kuer op muzyk op har namme. Mei har hynder Findsley

* De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe 'de supercup fan it iishockey' wûn. Yn iisstadion Thialf waard HIJS Hokij út Den Haag mei 3-1 ferslein yn de striid om de Ron Bertelingskaal. Dat is de iennige priis dy't Hearrenfean noch nea wûn

Trefwurden: 
Sportoersjoch
(advertinsje)