'Peerd fan Ome Loeks' stiet op dyk by Lauwerseach

24 sep 2018 - 17:25

It fermiste Peerd fan Ome Loeks út Grins stiet op de Bantshoeke by Lauwerseach. Dêr kaam in melding oer binnen by Omrop Fryslân. It byld op de seedyk is in replika, neffens RTV Noord. It giet om in aksje om it Waad yn de skynwerpers te setten.

Foto: Twitter, Wadden uit de schaduw

De ludike aksje is bedoeld as knypeach nei De Stormruter mei allegearre Fryske hynders. Dêr spilet ek in wyt hynder in rol yn. Neffens it stik soe it wite hynder noch omspûkje it Waad.

It orzjineel fan it byld stiet tydlik earne opslein yn Grins foar ûnderhâld. It ûnderhâldsbedriuw helle it byld fuort sûnder de gemeente dêrfan op de hichte te stellen. It byld wurdt meikoarten werompleatst op de sokkel foar it haadstasjon yn Grins.

(advertinsje)