Age de Jong foar de rjochter om útbrieden ljipaaien

24 sep 2018 - 17:25

Age de Jong fan Skearnegoutum moat him kommende tongersdei foar de rjochter ferantwurdzje foar it útbrieden fan ljipaaien op syn terrein. De miljeuplysje die ferline jier in ynfal by De Jong, dy't op dat stuit dwaande wie mei in eksperimint mei it útbrieden fan ljipaaien mei help fan in briedmasine.

Ljip - Foto: Shutterstock.com

Der wiene al tsientallen ljippen útkaam. Dy binne frijlitten. De aaien en piken dy't noch by De Jong op it hiem wiene, binne yn beslach naam. De aaien wiene troch minsken fan de fûgelwacht rêden fan in stik lân. De boer hie de fûgelwacht warskôge dat hy op it lân wurkje moast en dat hy de aaien net sparje koe.

It fûgelwachtbûn BFVW wol graach oan de slach mei it útbrieden fan ljipaaien. It bûn sjocht it brûken fan briedmasines as in middel om wat te dwaan oan it weromrinnen fan it oantal ljippen. Mar foar it útbrieden fan de aaien en de opfang fan de jonge ljippen is in ûntheffing fan de natuerwet nedich en dy is der noch net.

De Jong seit yn in reaksje dat hy it útbrieden net foar himsels die, mar foar it behâld fan de ljip.

Age de Jong foar de rjochter om útbrieden ljipaaien

(Advertinsje)
(Advertinsje)