Bysûndere swimtocht is 'Wedstriid fan de wike'

24 sep 2018 - 17:17

Para-atleet Gerrit Dijkstra wol sneon in wol hiel bysûndere prestaasje delsette. It doel fan de Drachtster is om fan Starum nei Medemblik te swimmen. Dêrmei is er de earste paraswimmer dy't dat docht. Syn prestaasje is ferkeazen ta 'Wedstriid fan de wike' by Omrop Fryslân.

Foto: Wedstriid fan de wike

"It is ien fan de swierste swimtochten dy't der yn Nederlân is, trochdat de Iselmar altyd woelich is troch de weagen. Kinst neigean hoe knap oft it is as je dy tocht, fan mear as 20 kilometer, swimme as para-atleet", seit sportferslachjouwer Andor Faber. "Dêr kinne je allinnich mar respekt foar hawwe. En dêrom is it foar ús de 'Wedstriid fan de wike'."

Foto: Omrop Fryslân

Gerrit Dijkstra kin troch in ûngelok yn 2004 beide skonken net mear brûke. Hy wie doe 19 jier, bruts de rêch en nekke en hat trije moannen yn koma lein. It gefolch derfan is dat er trije dwarslaesies hat. It ûngelok hat him net ôfhâlden fan ambysjes om topsporter te wurden net. Sa die er ferline jier mei oan de Frysman-triatlon. Sneontemoarn om healweis achten begjint Dijkstra oan syn nije doel: de swimtocht fan Starum nei Medemblik. Omrop Fryslân makket dêr in registraasje fan en sil Dijkstra dizze wike folgje yn syn tariedingen.

Omrop Fryslân docht de 'Wedstriid fan de wike'. Alle wiken stiet op radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)