Omrop-sjoernalist Wytse Vellinga wint Italiaanske priis

24 sep 2018 - 17:05

Omrop Fryslân-sjoernalist Wytse Vellinga hat yn Italië in priis wûn mei in reportaazje oer in man yn Harns dy't yn syn frije tiid plestik oprommet.

Foto: Omrop Fryslan

De priis waard útrikt op de earste Italiaanske Mojokonferinsje, in kongres foar sjoernalisten, dy't spesjalisearre binne yn it meitsjen fan reportaazjes mei har mobile telefoan. Wytse Vellinga is pionier op dat mêd. Hy krige de priis yn de Wereldcategorie. Mei elkoar wiene der goed 800 ynstjoeringen út mear as 80 lannen.

(advertinsje)