Snitsers hawwe har nocht fan ferkearsdrokte yn de binnenstêd

Bewenners fan de Balthuskade en de Lemmerweg yn Snits binne klear mei it drokke ferkear om de Wetterpoarte hinne. In soad ferkear komt hjir de stêd yn of brûkt it as slûprûte. Sûnt de komst fan de fontein is it ek in stik drokker wurden mei toeristen. It soarget foar gefaarlike sitewaasjes. Benammen de frachtauto's en it lânbouferkear soargje foar problemen.
Snitsers hawwe har nocht fan ferkearsdrokte yn de binnenstêd
Nije wike tiisdei wol de gemeente mei ynwenners fan Snits om tafel om te praten oer de takomst fan de Marktstraat yn de binnenstêd. Neffens Wout Beima, dy't nammens de bewenners oan de belle luts oer de oerlêst by de Wetterpoarte, soe dan ek sjoen wurde moatte nei de sitewaasje op oare plakken yn de stêd.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Wytse Vellinga is yn Snits
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Neffens Beima is it sûnt de komst fan de fontein yn Snits noch drokker wurden op dit plak. "De toeristen komme yn grutte groepen oan en wolle allegear tagelyk oerstekke. It soarget foar gefaarlike sitewaasjes."
Op dit stuit is der foar benammen it lânbouferkear eins gjin alternative rûte. Dit soe neffens Beima ien fan de earste dingen wêze moatte dêr't de gemeente nei sjen moat.