Trijehûndert froulju borduere oan lint foar de frede

24 sep 2018 - 15:37

Borduere foar de frede is in nobel stribjen. Mayken Geersing fan 'Het andere museum' yn Ljouwert hat mei trijehûndert oare froulju in lint benaaid dat oer frede giet. Mayken hie net tocht dat safolle froulju oan har kulturele mienskipsprojekt meidwaan woene.

"Ik denk dat we in een onrustige wereld leven met veel aanslagen en berichtgeving over vervelende dingen. Ik denk dat veel mensen naar een betere wereld streven met meer vrede en verdraagzaamheid.'' Mei bordueren krije jo gjin frede, wit Mayken ek wol. Mar it ûnderwerp kriget sa wol wer omtinken en it jout de minsken te tinken.

It 80 meter lange lint is hast klear. It is it hiele jier noch te sjen yn 'Het andere museum'. Dêrnei wurdt it op rol set en kin it liend wurde foar spesjale gelegenheden.

(advertinsje)
(advertinsje)