FIDEO: Hoe is it op Skier nei de dúnbrân fan dizze simmer?

24 sep 2018 - 15:21

Yn july wie op Skiermûntseach in grutte dúnbrân. De brân wreide him troch de drûchte rap út. In stik dún fan sawat oardel hektare gie yn flammen op. Yn it skoaltelefyzjeprogramma Tsjek sjocht Lennie hoe't it dêr no is.

Mei boskwachter Cynthia Borras fan Natuurmonumenten giet Lennie it troch brân oantaaste gebiet yn op syk nei nij libben. Bliken docht dat de natuer him al wer aardich hersteld hat, dat der oare planten weromkomme as dat der wienen. Cynthia leit út dat de earme dúngrûn folle riker wurden is troch de jiske fan ferbrânde planten en strûken. Dat soarget dus foar in oare fegetaasje.

Natuer op Skier nei de brân - Foto: Omrop Fryslân

De flog fan Lennie is ûnderdiel fan it skoaltelefyzjeprogramma Tsjek. Dat is alle wiken te sjen op snein fan 17.30 ôf op alle alle oeren en fan moandei ôf op Skoal.tv.

(advertinsje)
(advertinsje)