Kabinet besjocht goedkeapere fersekering foar boeren tsjin waarsekstremen

24 sep 2018 - 15:12

Boeren en túnkers kinne har nei alle gedachten fan takom jier ôf foardieliger fersekerje tsjin waarsekstremen. In mearderheid fan de Twadde Keamer hat derom frege en it kabinet hat tasein dermei oan de slach te gean. LTO Nederlân hat hjir de lêste moannen flink foar oan it lobbyen west.

Drûchte op It Amelân - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

It wurdt foar boeren en túnkers hieltyd belangriker om har finansjeel yndekke te kinnen tsjin ekstreem waar fanwege it feroarjende klimaat.

Sa'n 1.700 boeren en túnkers binne fersekere tsjin waarsekstremen. Dat binne foaral fruittelers en akkerbouwers. In soad fine de fersekering te djoer en it eigen risiko te grut. Earder dit jier hat lânbouminister Carola Schouten tasein ûndersykje te wollen oft it mooglik is om it eigen risico te ferlytsjen fan 30 prosint nei 20 prosint.

(advertinsje)
(advertinsje)