Cambuur foar de beker nei Scheveningen

24 sep 2018 - 13:10

Cambuur spilet tiisdei yn it KNVB-bekertoernoai de útwedstriid tsjin twadde difyzjonist Scheveningen. Trainer René Hake past trije wizigings ta yn ferliking mei de wedstriid fan ôfrûne freed tsjin Jong FC Utrecht.

Jordy van Deelen komt werom yn de basis. Hy ferfangt Sai van Wermeskerken, dy't net in sterke perioade trochmakket en no syn basisplak kwyt is. Kevin van Kippersluis en Kevin Schinler binne licht blessearre. Foar har yn it plak spylje Nigel Robertha en Robin Maulun.

Scheveningen is foarlêste yn de twadde difyzje. Der is lykwols gjin inkele reden om de ploech te ûnderskatten, fynt trainer René Hake. "Alleen maar te verliezen? We hebben alles te winnen! Scheveningen is een stugge ploeg met een aantal ex-betaald voetballers. Zij kennen het klappen van de zweep."

Hake jout fierder ek gjin ekstra spilers rêst. "Nee, dat doe ik niet. Daarmee geef je een slecht signaal af. De beker is een belangrijk podium om je te laten zien. Dus wil ik in de sterkst mogelijke opstelling spelen."

De wedstriid is live te folgjen op Omrop Fryslân radio, fan 19.30 oere ôf.

Opstelling Cambuur: Mous, Sambissa, Schilder, Mbende, Van Deelen; Maulun, Ciganiks, Schils, Mathieu; Rossi, Robertha.

(advertinsje)