Protesten tsjin pleatsen hegere stjoermêst yn Waskemar

24 sep 2018 - 13:07

Ynwenners fan Waskemar fersette har tsjin it pleatsen fan in nije, hegere stjoermêst efter de Leidijk. Trettjin beswiermakkers easkje dat de mêst op syn minst op 400 meter ôfstân fan de hûzen pleatst wurdt.

Foto: Radio Spannenburg

De ynwenners fan Waskemar meitsje har bot soargen oer harren sûnens. De besteande mêst stiet der neffens de bewenners al goed 15 jier. Dy wurdt ferfongen troch in eksimplaar dat flink heger is. Dat soe nedich wêze fanwege technyske easken.

Shere Masten B.V. út Reewijk hat foar de nije mêst in fergunning oanfrege by de gemeente Eaststellingwerf. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders sjocht gjin reden de fergunning te wegerjen. Op 2 oktober wurde de beswieren behannele yn de riedskommisje Romte.

Trefwurden: 
Waskemar stjoermêst
(advertinsje)