Karakteristike Hegebuorren yn Holwert wurdt opknapt

24 sep 2018 - 13:00

De karakteristike Hegebuorren yn Holwert wurdt yn âlde steat werombrocht. De hege stoepen fan gieltsjes hawwe der lang fertutearze by lein, mar oer in pear wiken moat de strjitte wer it fisitekaartsje fan it doarp wêze.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De âlde strjitte krige syn bysûndere foarm doe't in part fan de terp om 1870 hinne ôfgroeven waard. Dat barde om it makliker te meitsjen om mei hânkarren en lânbouweinen de terp op te kommen.

Tsjeard Jager, foarsitter fan de Stifting Hegebuorren, is bliid dat it lang om let safier is. "Oan de ein fan de foarige iuw binne de gieltsjes ek alris opknapt, mar troch ûnder oare soere rein hat de stoepe mear ûnderhâld nedich." It wurdt yngreven dien. "Elke foech wurdt derúthelle."

Waling Dykstra-hûs

De strjitte wurdt sa moai opkreaze, mar der is noch ien rotte kies: it Waling Dykstra-hûs. De folksskriuwer wie dêr bakker en boekhanneler en de wenning is al jierren yn minne steat. "We ha alle war dien om in reaksje fan de eigener te krijen, mar dy ha we net krigen. Der moat wat oan gebeure. De gemeente besiket ek om de eigener ta aksje oan te setten."

De restauraasje kostet sa'n 55.000 euro. Omwenners, it provinsjale iepen mienskipsfûns en de Holwerter Dorpsontwikkelings Maatschappij drage de kosten.

Trefwurden: 
Holwert krimp Hegebuorren
(advertinsje)